6 tekeningen foar de ensafh yn 2016

Hjirûnder de 6 tekeningen die’t ik makke foar literêr tiikskrift de Ensafh yn 2016.

1-2016-pakjedrager

Ensafh 1, tema: Twastriid

Titel fan de tekening: Pakjedrager

Make by it ferhaal In rjochte rêch fan Eppie Dam.

2-even-gelyk-no-400dpi

Ensafh 2

Titel: even gelyk no

3-omkaam-by-it-skjinmeitsjen

Ensafh 3, tema: Histoaryske figueren

Titel fan de tekening: Omkaam by it skjinmeitsjen

Tekening giet oer Willem Frederik van Nassau-Dietz , welke omkaam is by it skjinmeitsjen fan syn pistoal.

4-do-re-migrant

Ensafh 4, tema: Ithaka

Titel fan de tekening: do-re-migrant

Tekening is pleatst wurden by it besprek troch Janneke Spoelstra fan it boek Nova Scotia Staazje fan Ferdinand de Jong.

5-rely-ensafh-nacht-sunder-titel1

Ensafh 5, Rely Jorritsma nûmmer

Titel fan de tekening: ‘sûnder titel’

Tekening makke by it priiswinnende ferhaal Nacht fan Baukje Zijlstra.

6-holderin-am-meer

Ensafh 6, tema: Hölderin

Titel fan de tekening: Hölderin am Meer.

By de tekening haw ik in stikje tekst skreaun, welke ek pleatst is yn deselfde Ensafh. It stikje is neisjoen troch redaksjelid André Looijenga op taalflaters.

Friedrich en Hölderlin

In tiidgenoat fan dichter/skriuwer Friedrich Hölderin wie skilder/tekener Caspar David Friedrich (1774-1840). Oer beide Dútsers wurdt yn de literatuer sein dat sy harren wurkperioade ha tusken klassisisme en romantyk. Fan beiden is ek bekend dat sy in ûngelokkich skoft hân ha op ’e ein fan har libben. It is ûnbekend oft sy elkoar ea moete ha.

Caspar David Friedrich skildere en tekene in soad lânskippen en fragminten fan lânskippen . Gauris makket in minsk dêr ûnderdiel fan út. It binne foarstellings fan ekstreme, dramatyske situaasjes: in iensume stikkene beam, hege bergen, djippe ôfgrûnen, striemin waar, of just hiel moai mei waarm ljocht. De ferwoestende krêft fan tsjokke plakken kruiend iis lit er sjen op Das Eismeer (1824), dêr’t in boat ferkrommele wurdt. De minsk makket der wol ûnderdiel fan út, mar is eins ûndergeskikt oan it mystearje, de krêft en soms ek de leechte fan de natoer. En/of ûndergeskikt oan de skepping fan God of just de destruksje fan dy skepping, de apokalyps.

IT SUBLIME

Yn de keunstbeskôgjende literatuer wurdt oan de hân fan û.o. it wurk fan Friedrich it sublime útlein. Sublym is neffens filosoof Edmund Burke (1729-1797) koartsein in miks fan ferbjustering en huvering. In foarbyld yn de arsjitektuer is de iepen hurd yn Villa Malaparta(1), fan skriuwer Curzio Malaparte (1898-1957): hjir kinst yn de hurd fjoer op see brânen sjen.1 As beskôger bist (eefkes) machteleas tsjinoer in sublime ûnderfyning en wurdst (eefkes) út dyn lykwicht brocht. Lykas de mûnts underfine kinne soe yn it skilderij Der Mönch am Meer (1809) fan Friedrich, dêr’t de asceet neatich is foar it woeste, it oerweldigjende oer.

Dat sublime bringt Hölderlin dêrfoaroer ûnder wurden yn de earste rigels fan syn gedicht Patmos (1802):

Nah ist / Und schwer zu fassen der Gott. / Wo aber Gefahr ist, wächst / Das Rettende auch.

Tichtby / En dreech te fetsjen de god. / Wêr’t lykwols gefaar is, groeit, / It rêdende ek.

1 De filla, op in klif op it eilân Capri, is basearre op in skets fan arsjitekt Adalberto Libera (1903-1963), mei grutte ynbring fan Malaparte sels. – Hans Cornelissen, Poëzie en gelaagdheid in architectuur, Delft University Press 2000, side 131-134.

Advertenties

Eén reactie

  1. Pingback: John Bosma: Tekeningen foar de ensafh 2016 | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s

%d bloggers liken dit: