‘Niet alleen de schone zaken zijn vervuld van poëzie’

Typisk Frysk , fraachteken – of miskien is it wol eigen oan plattelânskeunstners dat sy fan alles dogge, en faaks (dertroch) autodidaktysk binne.  As ik foar mysels sprek (kuch) dan werken ik de ynwendiche behoefte fan it meitsjen. (Ik woe it net kreëren nimme, dan stap ik in hiel oar gebied yn: de goddelyke ynfal ensa, hysterie – wylst it gewoan keihurd wurkjen is.) Yn in omjouwing wer soks net gewoan is, moatte jo it wol sels oppakke. Gelok kin in dan in skoalmaster wêze, in bibliotekaris, in oantroude tante.

Boele Bregman (Hearenfean, 1918-1980) wie keunstskilder, byldhouwer en dichter. Yn Ensafh, no 6 stiet in besprek fan Josse de Haan oer de biografy fan Bregman, skreaun troch Doeke Sijens. Josse lit net in soad heel fan it boek: ‘It is te hoopjen dat er (Boele Bregman – Jb) nochris in echt biograaf krijt dy’t ferstân fan keunst hat, fan keunstneressen en fan keunstnersmuzen.’ *

Boppesteande tekening is in bewurking/ferminking fan syn skilderij: De Dichter. De fyts is in ferwiizing nei oar wurk fan Bregman (en myn wurk mei fytsen, ja sa bin ik dan ek wol wer). De titel fan de tekening – ‘Niet alleen de schone zaken zijn vervuld van poëzie’  – is, wierskynlik, ôfkomstig fan in deiboekfragmint.  Wierskynlik, Josse de Haan wit it net want Doeke Sijens hat gjin boarne opjoen. **

Foarich jier (2011) wie der yn Museum Belvedere in eksposiesje oer it wurk fan Bregman. K-rûte fan Omrop Fryslân, makke in koarte filmpke.

*) bladside 54, Ensafh #6, 2012
**)  bladside 51, Ensafh #6, 2012

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s

%d bloggers liken dit: