Wergebrûk Thialf: Lucca yn Fryslân

Dêr komt in nij Thialf. Dat MOAT namelik.  Oars is dêr it gefaar is dat it belangrykste en meast ferneame iisstadion fan Nederlân yn de Rânestêd bout wurdt. Dat soe fansels skande wêze. De kosten wurde raamt op € 100 miljoen (earde skattingen hienen it oer € 150 miljoen). It âlde kin ek wol opknapt wurde, kostet minder mouite en ek minder jild (€ 50 miljoen).

Sloop

Wat bart der dan mei it âlde Thialf? Dat wurdt sloopt tinkt Andries Bakker ferslachjouer by Omrop Fryslân. De grûn falt dan werom nei de Gemeente Hearenfean. Wergebrûk kin fansels ek. Miskien is it wat ûnsinnig om san in grutte hal as hal oerein te hâlden qua eksplotaasje en alles, mar dêr soe fansels ek wenningbou yn kenne.

Wergebrûk as yn Lucca 

Dit boublok en plein op boppesteande ôfbylding is yn Lucca, in stêd yn Italia. It hat yn de Romeinske tiid in theater west mar it is yn de midsieuwen ombout ta wengebou. It âlde striedtoniel is noch goed sichtber as ovaal.

Dit is ek in idee foar Thialf. Miskien kin de âlde iishockey hal demonteare wurde en it frijkommende materiaal brûkt wurde om wenningen fan te meitsjen yn it hudige âlde Thialf. Miskien mat it dak der diels ôf, en kin op de âlde 400 meter baan en it binnenplak in moaie smoute grientetûn en pjutteboartersplak makke wurde.

Yn de omjouwing is al in moaie oanset foar in stik grien sadot de stedenbouwkundige griene finger út it Oranjewâld fjirder trochfiert wurde kin rjochting de 9 holes golfbaan Het Heidemeer.

Mar miskien mat der wol te finansjeel geweld yn dit Thialf om d’r noch wat oars fan te meitsjen. (noch mear ideeën:  in skoallemienskip, in distributie centrum (ideaal want gjin kolommen, fabryk fan sinnepanielen.)

Ombou is fansels een rûch idee. Alles sil, sa as mei in protte saken, oankomme op de útwurking.

Bron: Ôfbylding, Lucca  Ôfbylding Thialf fia Flitsnieuws.nl makke troch @aaldertweening

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s

%d bloggers liken dit: